Kies uw regio op basis van postcode, plaats of titel

Plaats
Postcode
Titel

It Joadendom yn Broeksterwâld

ReageerPrint dit artikel
reinsita
It Joadendom yn Broeksterwâld. It klinkt as in net alledaagse kombinaasje. Mar dit winterskoft sil toanielferiening It Moat Kinne fan Broeksterwâld/ de Falom wer âlderwets toaniel op de planken bringe mei Anatevka. It ferhaal oer de Joadske mienskip yn Ruslân oan de ein fan’e 19e ieu.

Anatevka waard earder al brocht as Fiddler on the Roof op Broadway en yn ferskillende oare lannen, werûnder ein jierren ’90 yn Nederlân as musikal en iepenloftspul yn Jorwert. Ek waard it ferhaal twa kear ferfilme. No komt toanielferiening It Moat Kinne dus mei it Fryske toanielstik binnendoar. De spyldata foar dit âlderwetse toanielbarren binne freed 8, sneon 9, freed 15 en sneon 16 febrewaris en op freed 7, sneon 8, freed 14 en sneon 15 maart. De seal is iepen om 19:30 oere, it stik begjint om 20:00 oere.

Kaarten binne 10 euro it stik en kinne fanôf no telefonysk bestelt wúrde by Joke Ijsinga op nûmer 0511-424268 of by Janny Haakma op nûmer 0511-422925. Wês der fluch by, want op = op. Plak fan spyljen is doarpshûs De Pipegeal, Dûmny Feitsmawei 1A yn Broeksterwâld.

Anatevka giet oer haadrolspiler Tevje dy’t mei syn gesin yn it Russyske doarpke Anatevka wennet. Harren betrouen yn God is grút en de ieuwenâlde tradysjes wurde yn de Joadske mienskip swier naam. De ûntwikkelingen yn de wrâld geane troch en de ynfloed derfan wurd dudlik makke yn dit earmoedich en ienfâldich doarpke. Yn it ferhaal is de spanning fan de Russyske Tsaar en de op hannen steande revolúsje te fielen. Hokker kar makket Tevje tusken de ieuwenâlde tradysjes en de leafde foar syn gesin.

[*][/*] www.itmoatkinne.com
 

Overig nieuws uit dé Weekkrant Fryslân

» meer nieuws

Reacties en toevoegingen

Er zijn nog geen reacties geplaatst bij dit artikel

U bent niet ingelogd. U kunt uw reactie plaatsten door uw gegevens in te vullen in het onderstaande formulier.

* *
Beantwoord controlevraag*

Nooit meer de controlevraag beantwoorden?
Meld je aan of Log in.

Profiel van reinsita

reinsita reinsita
info
member sinds reinsita Member sinds 18 januari 2008
artikelen 1 artikelen reacties 1 reacties
fotos 2 foto's videos 0 video's
website
 

Laatste vacatures:

Vind jouw ideale baan

Powered by Jobtrack
Piet Paulusma
Verkoop uw woning
Woningaanbod