Kies uw regio op basis van postcode, plaats of titel

Plaats
Postcode
Titel

Anatevka op de planken

ReageerPrint dit artikel
sitavisser
Op freed 8 febrewaris is yn Broeksterwâld de premieré fan it toanielstik Anatevka. Earder waard dit ferneamde ferhaal al brocht as musikal fan Joop van den Ende yn alle grutte theaters yn ús lân. Ek waard it stik as iepenloftstik yn Jorwert spiele, twa kear ferfilme en yn tsientallen lânnen op de planken brocht. No sil toanielferieniging It Moat Kinne fan Broeksterwâld/ de Falom it ferhaal fan Anatevka dus as primeur yn it Frysk binnendoar bringe.


Mei in yndrukwekkend dekor, prachtige technyk en entousiaste spilers wurd op dit stuit de lêste hân lein oan de foarstellings fan Anatevka troch toanielferieniging It Moat Kinne. Oars de de ôfrûne jierren is dit in âlderwets toanielstik mei tragedie, humor én in boadskip. Neist de premieré fan freed 8 febrewaris wurd der spiele op sneon 9, freed 15 en sneon 16 febrewaris en freed 7, sneon 8, freed 14 en sneon 15 maart. Alle jûnen is de seal iepen om 19:30 oere en begjint it stik om 20:00 oere. Plak fan spyljen is doarpshûs De Pipegeal, Ds. Feitsmawei 1a yn Broeksterwâld.
Kaarten binne te bestellen op nûmmer 0511-424268 as op 0511-422925.

It ferhaal fan "Anatevka - in spylman op it dak" giet oer haadrolspiler Tevje dy’t mei syn frou en fiif dochters yn it Russyske doarpke Anatevka wennet. Harren betrouen yn God is grút en de ieuwenâlde tradysjes wurde yn dizze Joadske mienskip swier naam. Tevje is in ienfaldiche man fan tradysjes mei kostelike humor. De ûntwikkelingen yn de wrâld geane troch en de ynfloed derfan wurd dudlik makke yn dit earmoedich en ienfaldiche doarpke. Yn it ferhaal is de spanning fan de Russyske Tsaar en de op hannen steande revolúsje te fielen. Ek wurde de nije tiiden dúdlik as Tevje's dochters net trouwe wolle mei de feinten dy't oan har keppele binne. Hokker kar makket Tevje tusken de ieuwenâlde tradysjes en de leafde foar syn gesin.
In ferhaal mei tragedie, humor én in boadskip. En dat yn it Frysk binnendoar spiele yn Broeksterwâld. Mear ynformaasje op www.itmoatkinne.com

 

Overig nieuws uit dé Weekkrant Fryslân

» meer nieuws

Reacties en toevoegingen

Er zijn nog geen reacties geplaatst bij dit artikel

U bent niet ingelogd. U kunt uw reactie plaatsten door uw gegevens in te vullen in het onderstaande formulier.

* *
Beantwoord controlevraag*

Nooit meer de controlevraag beantwoorden?
Meld je aan of Log in.

Profiel van sitavisser

sitavisser sitavisser
info
member sinds sitavisser Member sinds 29 januari 2008
artikelen 1 artikelen reacties 0 reacties
fotos 0 foto's videos 0 video's
website
 

Laatste vacatures:

Vind jouw ideale baan

Powered by Jobtrack
Piet Paulusma
Verkoop uw woning
Woningaanbod